Flinke delgong yn it tal falliseminten yn Fryslân

Fallisemint © Omrop Fryslân
Fryslân hie ferline jier de grutste delgong yn it tal falliseminten yn fergelyk mei 2016. Dat meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek. Der giene ferline jier yn Fryslân 73 bedriuwen fallyt, in jier earder wiene dat der 197.
Ek lanlik sjoen is it tal falliseminten flink nei ûnderen gien. Der giene in goede 3.000 bedriuwen fallyt, it leechste oantal sûnt it jier 2000. De delgong wie yn alle bedriuwstûken, mar benammen yn de finansjele tsjinstferliening.