Dochs fangrails op it Europaplein yn Ljouwert

Der komme dochs fangrails op it Europaplein yn Ljouwert. Dat moat foarkomme dat der auto's fan it plein ôf ride en yn de fytstunnels bedarje. Dit is sûnt de iepening fan it nije plein al twa kear bard. Yn beide gefallen wiene der op dat stuit gjin fytsers yn de tunnels oanwêzich. De gemeente Ljouwert wol dit senario tenei útslute en nimt dêrom de maatregel.
"Ondanks de ongelukken voldoet het plein aan de eisen", seit projektlieder Diane Prins fan de gemeente Ljouwert. "Maar vanwege de incidenten gaan wij nu toch zo snel mogelijk vangrails plaatsen. Wij raden automobilisten daarnaast aan de snelheid aan te passen op de rotonde."