Stipe foar Grinslân: In dei it gas út

11 jan 2018 - 08:58

Ien dei de ferwaarming út, gjin waarm wetter brûke en net itensiede op it fornús. Oftewol, gjin gas brûke. Jorien Bakker ropt minsken yn hiel Nederlân op om dat kommende moandei te dwaan. Mei de aksje #dagzondergas wol se solidêr wêze mei de Grinslanners, dy't troch de ierdbevingen neffens har yn de kjeld stean. Se hat al in protte positive reaksjes krigen op har inisjatyf.

"Probleem van ons allemaal"

Mar wat smyt ien sa'n gasleaze dei eins op? "Het helpt niet direct. De NAM zal hier niet van onder de indruk zijn. Maar het helpt Nederlanders wel bij de bewustwording dat de aardbevingen niet alleen een Gronings probleem zijn, maar een probleem van ons allemaal. Uiteindelijk raakt het gas namelijk op, dus waarom niet nu al proberen om een dag zonder gas te leven. Kunnen we alvast wennen", seit Bakker.

Gasleaze takomst

Bakker hopet mei de aksje ek te berikken dat de oerheid rapper ynvestearret yn alternative enerzjyboarnen. In dei sûnder gas moat it sinjaal jaan dat Nederlanners klear binne foar in takomst sûnder gas. "Dag NAM, dag Shell, wij kunnen ook wel zonder jullie in de toekomst", beslút Bakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)