Kollum: "Waarmte"

"Yn 'e simmer fan 1959, hast sechstich jier lyn, waard it earste ierdgas yn Grinslân út de grûn helle. Hiel romantysk hjit it dat dit ûnder 'de akker van boer K.P. Boon' wei kaam. Ien ikker. Oersichtlik. Hoe grut kin soks wurde. No, yntusken bin ik benijd oft de buorkerij fan boer Boon überhaupt noch oerein stiet. Moandei wie de swierste ierdbeving yn fiif jier, yn Grins.

Wat soe der dochs ûnder de grûn fan Grins barre? Dat frege ik my ôf, neidat ik in heechlearaar Energiemarkten oer de ierdbeving fan moandei hearde. De 'deskundoloog' fertelde oer de enoarme getallen dêr't gaswinning oer giet. Dy swiere fan fiif jier lyn wie de reden dat der safolle diskusje oer de gaswinning ûntstie. En maatregels nommen waarden om sokke bevingen te foarkommen. Mar helaas.

It gas yn Grinslân sit yn in laach op 3 kilometer djipte, dy't sa'n 100 meter dik is. En it hiele field beslacht sa'n 900 fjouwerkante kilometer. Dat betsjut dat, as it in folslein rûn fjild wêze soe, it mear as hûndert kilometer is om der hielendal om hinne te fytsen. Feitlik is alles fan de provinsje Grinslân ten easten fan de stêd Grins it ierdgasfjild. Dat is al wat oars as 'de akker van boer K.P. Boon'.

We sitte der sûnt 1960 waarm by yn Nederlân. Neffens de Volkskrant hat it gas út Grinslân ús sa'n 265 miljard euro oplevere. Yn Grinslân plôkje se de soere fruchten dêr no fan.

De heechlearaar sei dat it gas oer sa'n fyftjin jier op is. Economische Zaken hâld it op 2080, dus noch sechstich jier. Mar hoe't it ek sit: we binne ferslave oan it gas. Oan de ynkomsten derfan en oan de waarmte derfan. We kinne ús kofje sette, ús kuolkasten draaie litte en sels ús auto's ride litte op elektrisiteit. Mar ús hûzen en bedriuwen ferwaarmje kin dêr net mei. Dêr moatte we wat oars op betinke.

Yn Kopenhagen binne se dêr al jierren lyn mei begûn. En no sit hast die hiele stêd oansletten op in waarmtenetwerk. Dus gjin cv's mear yn 'e hûzen, mar in buizesysteem foar waarmte. De enerzjy dêrfoar wurdt hieltyd mear duorsum opwekke, sa as út ierdwaarmte. Dêrfoar pompe je neat op wat je net ek wer nei ûnderen pompe. Gjin gas mear yn Kopenhagen. Dêr hiene wy hjir ek al lang mei begjinne moaten. Want krij dat yn dy miljoenen Nederlânse húshâldingen mar ris foarinoar, binnen fyftjin jier.

Dat gas yn Grinslân siet dêr mei in druk fan 347 bar. Unfoech heech, mar ja, hiel Grinslân stiet dêr dan ek op. Ta fergeliking: in autobân pompst op oant ûngefear twa-en-in-heal bar. Dus dy hiele 900 fjouwerkante kilometer - dy hûndert kilometer fytsen - dy 100 meter dikte, op 347 bar: dat wie ein 2016 troch de gaswinning werom sakke oant 95 bar, en neffens in site fan Economische Zaken giet dat troch oant 10 bar. Ja, ik bin gjin geolooch. Mar we litte dochs in ballon ûnder in sânkastiel leechrinne?

It is gjin wûnder dat hjir it ien en oar ynstoart. Yn de diskusje giet it der faak oer dat de produksje fan ierdgas nei ûnderen moat, en dat dan de bevingen wol ophâlde. Der like ek in kausaal ferbân te wêzen tusken de stiging fan de produksje en it oantal bevingen. Mar it giet fansels net om de jierlikse produksje. It giet der om hoefolle druk der noch yn it ierdgasfield is. En elke produksje soarget foar in delgong fan dy druk.

De diskusje oer de gaswinning is noch lang net foarby. We moatte fan it gas ôf, en dat betsjut dat we in earmer lân wurde. Dat is net iens in kar, want it gas is op in gegeven momint gewoan op. As we tûk binne, sette we de lêste ynkomsten fan it gas yn foar de transysje nei duorsume waarmte. En foar kompensaasje fan de Grinlanner. Want dy ha de lêste en swierste beving noch lang net hân. Boer Boon hie ris witte moaten..."

11 jan 2018 - 7:31
(advertinsje)