Wol of net fúzje De Friesland en Zilveren Kruis?

De rjochter yn Amsterdam sil tongersdei opnij sjen nei de fúzje tusken soarchfersekerder De Friesland en Zilveren Kruis. Dy fúzje soe al fan 1 jannewaris ôf yngean, mar de ûndernimmingsried fan De Friesland hat dêr beswier tsjin makke. Se easkje ekstra tasizzingen as it giet om garânsjes op wurkgelegenheid yn Ljouwert en it behâld fan de eigenheid fan De Friesland. De fúzje tusken beide soarchfersekerders leit no stil, mar fan de baan is er perfoarst net. Juridysk sjoen is de de gearwurking al trochfierd.
Meiwurkers fan De Friesland binne tongersdeitemoarn ôfreizge nei Amsterdam om dêr de rjochter te oertsjûgjen dat der neffens harren oare opsjes binne as in fúzje.