Sluiter hat gjin spyt fan útspraak "ûnfatsoenlike" partijen

10 jan 2018 - 23:04

Boargemaster Sluiter fan Harns hat gjin spyt fan syn opmerking oer "ûnfatsoenlike" partijen. Hy bedoelde dêrmei de PVV en it Forum voor Democratie. Yn syn nijjierstaspraak sei de boargemaster dat hy bliid wie dat de ried fan Harns út allinnich fatsoenlike partijen bestiet. Yn de kommisjefergadering fan woansdeitejûn stelde de partij Harlinger Belang dêr fragen oer. De fraach oft Sluiter hjirmei ek in groep kiezers fuortsette as ûnfatsoenlik beäntwurde hy mei de opmerking dat hy in ferskil makket tusken kiezers en partijen. Ek sei hy dat syn ûnpartidigens no net yn it geding is en ek net komt yn de takomst. "Ik sta altijd boven de partijen, al zou het me dan misschien meer moeite kosten."

Harlinger Belang woe ek witte oft Sluiter it achterôf handich fûn dat hy dit ferhaal yn syn nijjierstaspraak die. Neffens de boargemaster hat hy ek rjocht op in miening en soe hy sûnder it útsprekken fan in miening in "bleke, ynhâldsleaze boargemaster" wêze. "Ik heb geen spijt", wiene de lêste wurden fan Sluiter oer de kwestje.

(advertinsje)
(advertinsje)