VC Snits ferliest yn Italië mei 3-0 fan Casalmaggiore

10 jan 2018 - 22:55

De follybalfroulju fan VC Snits hawwe woansdeitejûn yn it Italiaanske Cremona ferlern fan Casalmaggiore. Yn sporthal Palardi waard it 3-0 yn sets foar de ploech út Italië. Casalmaggiore wûn de earste set mei 25-17. De froulju fan Petra Groenland koene de twadde set net winne (25-19) en dêrtroch kaam der al in ein oan it Europeeske aventoer foar de Snitser froulju. Ek de lêste set wie mei 25-17 foar Casalmaggiore.

It kontrast tusken VC Snits en de Italianen is grut. De Snitsers binne amateurs en de gemiddelde leeftiid fan de ploech leit krekt boppe de 20 jier. De langste spylster is Lize Braaksma mei 1.90 meter. De Italianen binne full-prof. Se wûnen yn 2016 de Champions League. Se ha mear ûnderfining mei in gemiddelde leeftiid fan hast 30 jier. Boppedat ha se fiif spylsters fan 1.90 meter en langer, mei as útsjitter Brayelin Martinez út de Dominikaanske Republyk fan leafst 2.01 meter. It wie dus in bytsje "Klein Duimpje tsjin de Reuzen".

Nettsjinsteande it ferlies wie Lize Braaksma tefreden oer de wedstriid, sa falt te lêzen op de webside fan de Italiaanske follybalklup. Neffens Braaksma hat VC Snits de stipe fan it publyk oant it lêste punt fielt, mar is it spitigernôch net slagge is om minstens ien set te winnen.

Trefwurden: 
VC Snits follybal Italië
(advertinsje)