"Each hâlde foar minsken dy't net meikomme kinne"

Ek no't it ekonomysk wer better giet, moat de polityk each hâlden bliuwe foar de minsken dy't dêr net fan mei profitearre. Mei dy oprop kaam boargemaster Van de Nadort fan Weststellingwerf yn syn earste taspraak yn syn nije gemeente. It giet dêrby neffens de boargemaster net om minsken dy't net wolle, mar minsken dy't echt net meikomme kinne.
Goed hûndert dagen lyn is Van de Nadort begûn yn Weststellingwerf en dy earste tiid hat er benammen brûkt om yn 'e kunde te kommen mei de gemeente. Dat hat er foaral dien troch it ôflizzen fan in soad wurkbesiten. Dêrby foel neffens de boargemaster op hoe warber de ynwenners binne. Sa binne der in soad frijwilligers aktyf en binne der in soad ûndernimmers yn de gemeente.