Steigerbouwer protestearret tsjin boete arbeidsynspeksje

Steigers
Steigerferhierder Sijperda B.V. út Snits is it net iens mei in boete fan 16.200 euro, dy't it bedriuw oplein krigen hat fan de arbeidsynspeksje. Sijperda soe syn personiel op in ûnfeilige steiger wurke litten ha. Dat wie yn maaie 2014 by de sloop fan in tsjerketoer yn Dronryp. Neffens in ynspekteur fan de arbeidsynspeksje wie der op 12 meter hichte gjin leuning en hie in meiwurker wol in harnas oan, mar siet er dêr net mei fêst.
Sijperda skriuwt syn meiwurkers foar harren oan te linen as de leuning ûntbrekt en neffens it bedriuw kin it der neat oan dwaan dat dat net bard is. De steigerferhierder stapt no nei de Ried fan Steat om de boete oan te fjochtsjen. Utspraak yn dizze saak folget oer seis wiken.