Willewarkerspries 2017 foar Rita van der Werff fan De Hoeve

10 jan 2018 - 21:01

Rita van der Werff fan De Hoeve hat de Willewarkerspries 2017 wûn. Dat waard woansdeitejûn bekend makke op de nijjiersresepsje fan de gemeente Weststellingwerf. De sjuery priizget frou Van der Werff foar har wurk en ynset foar flechtlingen yn de gemeente Weststellingwerf. Se hat in Syrysk gesin begelaat mei de ferhuzing fan it AZC nei De Hoeve. Ek hat se holpen by de ynrjochting fan it hûs en makke se de finânsjes op oarder. Dêrneist learde Van der Werff it gesin fytse en regele se swimlessen foar flechtlingfroulju.

De Willewarkerspries wurdt jierliks útrikt troch it VDK, Vereniging van Kleine Dorpen Weststellingwerf, om in frijwilliger of in groep frijwilligers yn it sintsje te setten. Rita van der Werff sil de priis op 24 jannewaris yn ûntfangst nimme.

(advertinsje)
(advertinsje)