PWC sjocht wer takomst foar wetterpolo yn Bûtenpost

Wetterpoloferiening PWC út Bûtenpost wol de kommende jierren flink groeie. Op dit stuit hat de feriening mar ien team en de gemiddelde leeftiid leit op fyftich jier. Goed tweintich jier lyn wiene der yn totaal fiif teams, wêrûnder in aktyf jeugdteam.
Troch ûndúdlikens oer it fuortbestean fan swimbad De Kûpe kaam de takomst fan it wetterpolo yn Bûtenpost faai te stean. No't de gemeente besletten hat fiif miljoen euro út te lûken foar in nij swimbad, tinkt PWC dat der ek wer mear romte komt foar de wettersport. Woansdeitejûn waard dêrom úteinset mei it opbouwen fan in nij jeugdteam. Op de earste iepen training kamen sa'n fyftjin bern ôf.