LIVE: IepenUP oer lânskipspine

10 jan 2018 - 19:02

Lânskipspine: witsto wat dat betsjut? Sjoernalist Jantien de Boer joech dyn namme oan de minne steat fan de biodiversiteit fan it Fryske lânskip. Fûgels, planten, bisten, lûden en geuren wurde opoffere oan de produksjekrêft fan de lânbou. Wittenskippers, keunstners, boeren, politisy en belanghawwenden prate yn IepenUP dizze wike oer lânskipspine. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

De fragen dy't jûn sintraal steane binne: hoe kinne wy de lânskipspine fersêftsje, hokker yngrepen binne dêrfoar nedich en is it tij foar ús boerelân noch te kearen.Te gast binne sjoernalist Jantien de Boer, Froukje Hernamdt fan de Fryske Milieu Federaasje, keunstner Claudy Jongstra, professor natuerbehear Frank Berendse, boer Johan Boersma, heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma, deputearre Johannes Kramer (FNP) en de band SWEETGODANIMALS.

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
lânskipspine IepenUP
(advertinsje)
(advertinsje)