Mear saken oplosse troch bylden misdriuwen online te setten

10 jan 2018 - 17:32

Troch bylden fan misdriuwen faker en earder online te setten, ferwachtet de plysje fan Noard-Nederlân it kommende jier mear saken op te lossen. De kamerabylden wurde hieltyd better, en dêrtroch wurdt de kâns dat dieders werkend wurde hieltyd grutter. Dat seit plysjewurdfierder Paul Heidanus.

De plysje hat it wurkproses oanpast en in koördinator oansteld dy't de bylden analysearret. Sadree't it kin, komme de bylden online. Dat kinne foto's en fideo's wêze. De plysje bepaalt net sels wannear't de bylden online komme, seit Heidanus, dêr giet it Iepenbier Ministearje oer.

Allinne woansdei al hat de plysje bylden online set fan in ynbraak by in tankstasjon op De Gordyk en fan in ynbraak yn in wenhûs yn Easterwâlde. As it oan de plysje leit, komme der dit jier fan twa kear safolle saken bylden online as foarich jier.

(advertinsje)
(advertinsje)