Danny Noppert yn twadde ronde ûnderút op Lakeside

10 jan 2018 - 17:21

Danny Noppert fan De Jouwer is der woansdeitemiddei net yn slagge de kwartfinales fan de Lakeside te berikken. Op it poadium yn it Ingelske Frimley Green ferlear de 27-jierrige darter mei 4-1 yn sets fan Mark McGeeney út Ingelân. Dat betsjut dat it offisjeuze wrâldkampioenskip fan it BDO-bûn der foar Noppert al yn de twadde ronde opsit. De earste set fan de wedstriid gie noch wol nei de Jouster. Dêrnei kaam McGeeney goed werom.

Miste kânsen

Mei in finish fan 160 sette hy Noppert ûnder druk en pakte hy de twadde en de tredde set. Yn de fjirde set wienen beide spilers goed oan inoar weage. Noppert miste yn de beslissende fyfde leg de kâns om lyk te meitsjen, wêrnei't McGeeney de 3-1 yn sets makke. Yn it lêste part fan de wedstriid krige Noppert noch kânsen om werom te kommen. Yn in beslissende leg pakte McGeeney mei in 64-finish de oerwinning.

Nei de PDC

Foarich jier stie Danny Noppert noch yn de finale fan de Lakeside. Dêryn ferlear er fan Glen Durrant. It ferlies fan Noppert woansdeitemiddei betsjut dat de Jouster him nei alle gedachten no ynskriuwe sil foar de European Q-school fan de PDC. Dat toernoai wurdt fan takom woansdei ôf yn Dútslân hâlden. As Noppert dêr suksesfol is, mei hy twa jier lang meidraaie yn it profsirkwy fan bekende nammen as Michael van Gerwen en wrâldkampioen Rob Cross.

(advertinsje)
(advertinsje)