Sompegebiet by Wite en Swarte Brekken

10 jan 2018 - 17:14

Yn de Westpolder by de Leienpoel wurdt op dit stuit it lêste wurk útfierd om in nij sompegebiet te meitsjen by de Wite en Swarte Brekken. It wurk makket diel út fan in foller grutter plan om it opknappen fan wâlen en kaden te kombinearjen mei it ferbetterjen fan de natuer. Soks is bygelyks ek al dien oan it Potskar by de Snitser Mar.

Om in goed sompegebiet te krijen, is der mear nedich as in soad wetter, want dat wetter moat mei de tiid fan it jier ek op en del gean. Foardat de grutte gemalen der kamen, stiene grutte parten fan Fryslân winterdeis ûnder wetter. No moat it nije sompegebiet sa ynrjochte wurde dat behearder Steatsboskbehear dat simulearje kin. Wannear't de ynrjochting fan it gebiet hielendal dien is, duorret it noch wol sa'n tsien jier foardat de sompenatuer is sa't it wêze moat mei alle planten en fûgels dy't der by hearre.

Trefwurden: 
sompegebiet Brekken
(advertinsje)
(advertinsje)