Aksje Fryske studinten by RUG

08 jun 2012 - 16:37

Sa'n 50 demonstranten protestearren freedtemiddei tsjin it opdoeken fan it Frysk as selsstannige stúdzje. Dat diene se foar it Akademygebou fan de Ryksuniversiteit yn Grins. De RUG wol it Frysk ûnderbringe yn de 'brede stúdzje' Europeeske Talen, om't der te min studinten Frysk wêze soene. De aksje fan de ferienings Bernlef en Skanomodu hie de foarm fan in rouseremoanje.

Net eltsenien wie freed op it goeie plak. Twadde Keamerlid Lutz Jacobi stie by it gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert en miste dêrtroch de aksje yn Grins.

(advertinsje)
(advertinsje)