Eindeloos mooglik bêste biologysk restaurant fan it lân

© Google Streetview
Restaurant Eindeloos yn Ljouwert makket kâns op de titel bêste biologysk restaurant fan Nederlân. Eindeloos is ien fan de fiif restaurants dy't kâns meitsje op de titel. De ferkiezing fan bêste biologysk restaurant fan Nederlân makket diel út fan in folle gruttere ferkiezing, wêrby't yn tolve kategoryen in priis te winnen falt. Dêrby wurde de prizen takend troch restauranteigeners en sjef-koks sels.
Eindeloos is it iennichste Fryske restaurant dat kâns makket op in priis. It restaurant wie ferline jier ek nominearre. De priis wurdt ein jannewaris bekend makke.