FIDEO: Fries om utens komt altyd werom foar hynstekeuring

10 jan 2018 - 16:40

It is "the greatest stallion show" dy't der is, fynt Tjeerd van der Kooi. Tweintich jier lyn is dizze 72-jierrige Fries nei Kanada ferhuze, mar noch alle jierren komt er werom nei Fryslân foar de hynstekeuring.

De hiele famylje is sljocht fan Fryske hynders. Tjeerd van der Kooi ferhuze fan Damwâld nei Ontario en hat syn Fryske hynders meinaam. Hy hat dêr op dit stuit 15 en soan Willem hat der ek 12. It is in famyljefirus seit er en hy tinkt hast as in hynder. "Fryske hynders binne spesjaal, betrouber en bysûnder. Se binne oars as oare hynders. De konneksje is folle tichteby, yntinzer. It karakter, de keninklike útstrieling." Hy hat mei in Frysk hynder noch noait gedoch hân.

It rekket him as er dy moaie hynders troch de ring draven sjocht op de keuringsdagen. Se wolle de hynstedagen echt net misse. "Salang't wy sûn binne, dan komme we hjir." Hy hâldt echt in hiel soad fan syn frou en se stiet echt wol op nûmer ien, mar de hynders ha ek in spesjaal plak. Hy hat ris in buordsje krigen fan syn frou: "After the horses I am number one".

(advertinsje)