Tsientûzen boeken ferhúzje nei tydlike biblioteek yn Harns

De biblioteek fan Harns giet moandei iepen op de Grote Brede Plaats 26. It biblioteekgebou oan de Voorstraat wurdt ferboud en dêrom moatte minsken tydlik nei de oare lokaasje ta om boeken te lienen. It is de bedoeling dat de biblioteek dêr oant en mei july bliuwt.
Ferbouwing
Fan de simmer ôf sille de biblioteek, it Hannemahûs en de boekhannel dan yn trije skeakele pannen yn de Voorstraat sitte. De Harnzers sille neffens in wurdfierder fan de biblioteek net in soad ferskil fernimme op de tydlike lokaasje. De iepeningstiden en de service fan de meiwurkers bliuwe itselde.
De romte is der wol lytser en dêrtroch is der gjin plak foar de keunstútlien. Dy wurdt ûnderbrocht yn Gebouw Zuid oan de Prinses Irenestraat.