Sport Fryslân hat al by 60 sportklups enerzjyscan dien

Sport Fryslân hat al sechtich kear by sportferieningen lâns west om te sjen hoe't se suniger mei enerzjy omgean kinne. Faak binne de sportklups foaral dwaande mei de sport en komme se net ta oan saken lykas duorsumens. Mei sa'n enerzjyscan krije de ferienings in goed byld wêr't se jild op besparje kinne. Dêrneist is it ek noch goed foar it miljeu.
De sechtichste scan wie woansdei by de kuorbalferiening yn Drachten. Sport Fryslân is noch net klear. "Uiteindelijk willen we bij minstens honderd verenigingen een energiescan uitvoeren. Dat is eenderde van alle sportverenigingen in Friesland", fertelt Lammert Bosma fan Sport Fryslân.