Dave Bulthuis tekenet kontrakt by SC Hearrenfean

10 jan 2018 - 15:38

Dave Bulthuis hat in kontrakt tekene by SC Hearrenfean. De 27-jierrige ferdigener komt oer fan FK Qabala yn Azerbeidzjan en hat tekene foar twa-en-in-healjier. Bulthuis spile earder foar FC Utrecht en FC Nurnberg.
Neffens technysk manager Gerry Hamstra is de komst fan de nije ferdigener in moaie oanfolling fan de seleksje. By FC Nurnberg en Utrecht hat hy in soad ûnderfining opdien, seit Hamstra.

(advertinsje)