Gosse van der Meer net nei NK fjildriden yn Surhústerfean

10 jan 2018 - 14:09

Fjildrider Gosse van der Meer fan Surhuzum docht takom wykein net mei oan it Nederlânsk kampioenskip fjildriden. De 22-jierrige Van der Meer is noch net genôch wersteld fan in blessuere oan syn knibbel. It is in flinke teloarstelling foar de fjildrider, om't it NK dit jier foar it earst yn Fryslân organisearre wurdt. Surhústerfean is sneon en snein it dekôr fan it evenemint. Van der Meer fynt it spitich dat er net meidocht, mar seit dat it risiko foar syn knibbel gewoanwei te grut is.

''Dizze kâns krij ik nea wer'', fertelde Gosse van der Meer. ''Ik meitsje nea wer mei dat sa'n Nederlânsk kampioenskip hjir sa tichteby Surhuzum hâlden wurdt. Mar ik wol ek net meidwaan as fjildfolling, ik wol foaroan ride.'' De Fryske fjildrider is takom wykein wol oanwêzich yn Surhústerfean. ''Ferskate freonen fan my komme yn aksje, dêr wol ik graach efkes by wêze.''

Toppers oanwêzich yn Surhústerfean

Hast alle Nederlânske toppers binne dit wykein oanwêzich yn Surhústerfean. Allinne Marianne Vos is in grutte namme dy't ôfsein hat. Oaren as Mathieu van der Poel, Lucinda Brand en Lars van der Haar dogge dit wykein wol mei. Rick Nobel fan Foudgum is in Fries dy't ek op de startlist stiet.

(advertinsje)
(advertinsje)