Iepen TBC by frou Hearrenfean

08 jun 2012 - 16:22

By in frou út de gemeente Hearrenfean is in besmetlike foarm fan TBC oantroffen. De frou is opnaam yn it sikehûs en wurdt behannele. De GGD is op dit stuit dwaande om yn kaart te bringen wêr't de frou west hat en hoe't se de sykte krigen hat.

Ek wurdt yn kaart brocht wa't kontakt hân hat mei de frou, en wa't sadwaande mooglik besmet rekke is. Dizze minsken moatte dan foar kontrôle nei it TBC-sprekoere fan de GGD.

Trefwurden: 
TBC GGD iepen TBC
(advertinsje)
(advertinsje)