FNP: Minder gaswinning Grinslân, mar hoe komt it yn Fryslân?

10 jan 2018 - 13:50

De FNP steatefraksje wol fan deputearre Schrier witte wat de gefolgen foar Fryslân binne, no't de gaswinning yn Grinslân fermindere wurdt nei de ierdbeving fan ôfrûne wike. De FNP hat fernaam dat der no mear gas út Fryske putten helle wurdt en wol fan Schrier hearre of dit ek echt sa is.

De fraksje wol dêrneist fan de deputearre witte oft der neist it gasfjild by De Pein noch mear putten binne dêr't yllegaal gas wûn wurdt. De FNP hie de fraach al earder foarlein, mar hat oant no ta gjin antwurd krigen. Dat moat no binnen fjouwer wiken barre.

Trefwurden: 
gaswinning FNP
(Advertinsje)
(Advertinsje)