Friese Meren sil besunigje

08 jun 2012 - 16:02

De fúzjegemeente Friese Meren, besteande út Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân, moat noch foardat se begjinne goed 6 miljoen euro besunigje. It amtlik apparaat moat 1 miljoen euro ynleverje. Ek gean de belestingen omheech en wurdt der besunige op de sport en ynstellings dy't subsydzje krije.

Ek moat der ôfskreaun wurde op grûn. Sa nimt de nije gemeente in ferlies fan 2 miljoen euro op it lúkse wenningbouprojekt Broek-Súd. De Friese Meren stekt foarearst allinnich mar jild yn saken dêr't se wetlik ta ferplichte binne.

(advertinsje)
(advertinsje)