Unrêst by SC Hearrenfean: de soap begjint wer op 'e nij

10 jan 2018 - 15:05

Krekt as yn de tiid fan âld-foarsitter Robert Veenstra spilet der wer fan alles by SC Hearrenfean. Personiel is lulk, de kommersjeel manager is fuort, syn opfolger ek en de algemien direkteur fan no wurdt Veenstra 2.0 neamd. Ferslachjouwer Roelof de Vries leit út.

Dit ferhaal is makke op basis fan petearen mei meiwurkers fan sportklup Hearrenfean, âld-bestjoerders en sponsoaren. Gjin inkele boarne fielt him frij om syn ferhaal te dwaan as syn namme neamd wurdt. Dêrom is dit artikel skreaun op basis fan anonime boarnen.

It is 19 desimber 2017, ûngefear 20.00 oere. "Henk Bloemers weg," meldt in Whatsappberjocht. Bloemers is kommersjeel manager en noch gjin 1,5 jier yn tsjinst by de klup. Hy komt út de fuotbalwrâld. Hy wurke earder by De Graafschap. Hy krijt in pittige opdracht by Hearrenfean. De kommersjele ôfdieling is in lestige. Sponsorjilden binne de lêste jierren werom rûn en boppedat hat de ôfdieling in roerich ferline. Managers komme en gean en in soad krityk komt yntern fan dy ôfdieling. Jan van Erve, Joost Steppé, Joost Jetten, Robert van der Werf; it binne samar wat nammen dy't yn in koarte tiid lieding joegen oan de kommersjele ôfdieling. Mar oer Bloemers binne se it allegear iens: dy docht it goed. De sfear hat noch noait sa goed west en belangriker noch: de ynkomsten nimme wat ta. De ferwachting is kommend jier mei sa'n tsien prosint. Boppedat is mei GroenLeven in fluch groeiende haadsponsor binnehelle.

Bloemers en Eisenga lizze elkoar net

Mar dochs stapt Bloemers op. Allinnich yn de krante De Gelderlander reagearret er en seit er dat hy net útslút dat hy weromkomt by De Graafschap. Fierder seit Bloemers neat oer wêrom't er fuortgiet. Yntusken is syn fuortgean in publyk geheim: Bloemers en Eisenga lizze elkoar net. "In samenspraak met Henk hadden we voor hem een nieuwe rol, die past bij zijn kracht en talent, als salesmanager en relatiebeheerder gedefinieerd. We hebben Henk daarbij een, naar onze mening, passende aanbieding gedaan. Jammer genoeg voor beide zijn we er samen niet uitgekomen. We betreuren het dat hij andere ambities heeft dan sc Heerenveen, want hij heeft fantastisch werk verricht. We zijn Henk dankbaar voor wat hij voor ons heeft betekend," sa seit algemien direkteur Luuc Eisenga.

Verdeel en heers

Yn werklikheid is it krekt oars. Bloemers en Eisenga botse faak mei elkoar en binne it hast noait iens oer "de te varen koers". Bloemers wol mear gearwurkje, wylst Eisenga opleit wat der barre moat. "Verdeel en heers", sa sizze guon meiwurkers. En: "Dat is nog erger dan in de tijd van Robert Veenstra," sa sizze guon meiwurkers. Eisenga krijt yntern dan ek al gau de bynamme Veenstra 2.0. Der binne ek meiwurkers wol tefreden oer Eisenga. De frustraasje is minder grut as yn de tiid fan Veenstra. Dochs fine guon meiwurkers, âld-bestjoerders en sponsoaren dat it oars en foaral better moat. De reaksjes ferskille fan "aardige man" en "profesjoneel" nei "alleenheerser" en "te glad".

Lêste wurkdei

De spanningen tusken Bloemers en Eisenga rinne noch fierder op as Bloemers der achter komt dat Eisenga in oar frege hat foar de funksje fan Bloemers, as kommersjeel manager. It giet om in goede bekende fan Bloemers sels, dy't dêr dus al gau achter komt. Bert Hendriks wurdt troch Eisenga frege. Hendriks hat in ferlykbere funksje by haadsponsor GroenLeven, as managing consultant, mar hy seit nee tsjin Eisenga. Bloemers twivelet al langer om op te hâlden. Hielendal as hy heart dat Eisenga in oare funksje yn gedachten hat, wêrby't er 30 persint ynleverje moat en minder yn de Achterhoek wêze kin. Bloemers stapt op. Offisjeel rint syn kontrakt ôf en folgjende wike sil syn lêste wurkdei wêze.

Marieke Kamminga

Op 21 desimber makket SC Hearrenfean bekend dat Marieke Kamminga de nije kommersjeel manager is. Se komt net út de fuotbalwrâld en is festigingsdirekteur by detasjearringsbedriuw Maandag. Eisenga: "Marieke is een gedreven commerciële persoonlijkheid." Nei njoggen dagen stapt se op. Dit is de offisjele lêzing neffens in parseberjocht: "Wegens onverwachte privé-omstandigheden." Oft der ferfelende omstannichheden binne, wurdt net dúdlik. Wol is dúdlik dat Kamminga har funksje oars foarsteld hie. Meiwurkers befêstigje dat Kamminga fernuvere reagearret by it sjen fan de organogram en net wist dat se ek ferantwurdlik wurdt foar de Feansjop en Ticketing. Boppedat wurket se 36 oeren. As se heart dat it faak mear wurdt, skrikt se. Ek omdat se in soan fan fjouwer hat. Se skrikt hielendal as se sjocht wat har takepakket is. Kamminga wie net berikber foar kommentaar.

Sponsoaren

Mar net allinnich de relaasje mei de kommersjele ôfdieling rint stroef. Ek guon sponsoaren moatte by Eisenga op it matsje komme. Op 23 desimber reagearje guon sponsoaren yn de Ljouwerter Krante. Se binne teloarsteld oer de gong fan saken. Sytse Bouwer fan GroenLeven en Paul van Leeuwen fan Jako "moatte" harren melde en ferantwurdzje foar harren wurden yn de krante. De relaasje tusken Eisenga en Bouwer is der al mei al net better op wurden. Guon oare sponsoaren twivelje oft se trochgeane. Koopmans Verf is foar 250.000 euro businesspartner, mar tinkt der oer op te hâlden.

By de klup is der ek mei grutte fernuvering sjoen nei it lêste jierferslach. En dan benammen nei de finansjele sifers. Wer reade sifers, mar belangriker noch, dat Eisenga it fan no ôf net mear realistysk fynt om swarte sifers te skriuwen, fine se in skande. Of sa't in âld-bestjoerder seit: "As je je hûs ferkeapje moatte, moatte je yn in karavan wenje gean. En as je dy ek net mear hâlde kinne, sliepe je aanst ûnder de brêge."

Wei nei ûnderen

SC Hearrenfean sit, sa docht bliken út it beljen mei sponsoaren, âld-bestjoerders en meiwurkers fan de klup, op in hellend flak. De wei nei ûnderen is ynset en sa komt SC Hearrenfean der net maklik wer út. Sportyf giet it net goed. Streppel hat min of mear der foar soarge dat Hamstra technysk manager wurden is en Hamstra sil Streppel net dien jaan. Finansjeel wurdt al jierren minne sifers skreaun en op de tribunes sjochst hieltyd mear lege plakken. Luuc Eisenga is statutêr de iennige ferantwurdlike man. Hy hoecht allinnich ferantwurding ôf te lizzen oan de ried fan kommissarissen. En dus moat hy, sa as in âld-meiwurker seit, net allinnich fan it swiete priuwe, mar ek fan it soere.

Reaksje Luuc Eisenga, algemien direkteur sportklup Hearrenfean:

"Ik herken mij niet in typeringen als Veenstra 2.0, je mag en kan mensen niet vergelijken. Helaas is het een gevolg van veranderingen. We hebben de eerste fase net afgerond en zitten nu in fase 2. Met Henk Bloemers heb ik een goede professionele relatie. We hebben Henk een nieuwe aanbieding gedaan en met de nieuwe positie in de organisatie was Henk akkoord. We waren graag met Henk doorgegaan. Dat wij al een ander hebben benaderd, kan ik niet bevestigen. Over het vertrek van Marieke Kamminga moet ik wijzen naar het persbericht. Ik heb daar niks aan toe te voegen. Ze is door onverwachte privé-omstandigheden vertrokken. Het had niks te maken met zaken als 'haar takenpakket niet kennen.'

We moeten vooral verder als club. Het is een moeilijke fase en je merkt dat de club een geschiedenis heeft. Daar lopen we niet voor weg. Samen met het managementteam, de raad van commissarissen en het stichtingsbestuur hebben we een weg ingezet met ons beleidsplan en daar houden we aan vast. We willen blijvend succesvol zijn zodat we over 100 jaar ook nog bestaan."

Trefwurden: 
SC Hearrenfean ûnrêst
(advertinsje)
(advertinsje)