Plysje jout kamerabylden frij fan ynbrekkers Easterwâlde

10 jan 2018 - 12:57
Befeiligingskamera - Foto: Omrop Fryslân

Yn de syktocht nei de fertochten fan in ynbraak yn Easterwâlde, hat de plysje nije kamerabylden frijjûn. Yn de nacht fan 30 novimber op 1 desimber foarich jier, brutsen trije manlju yn by in wenning oan de Stegingawei yn it doarp. In bewakingskamera makke opnames fan de fertochten. Hjirby is it gesicht fan ien fan harren te sjen. Minsken dy't de man werkenne, wurde oproppen dit te melden by de plysje.

De ynbrekkers waarden troch buertbewenners trappearre en naaiden út. Se hawwe foar safier bekend neat meinaam út de wenning. De bewenners wiene op it stuit fan de ynbraak net thús.

(Advertinsje)
(Advertinsje)