Lutz Jacobi: "Mar ien froulike wethâlder is spitich"

10 jan 2018 - 12:53

It nije kolleezje fan Ljouwert telt ien frou. Dat seit neat oer de kwaliteit fan de wethâlders, mar it foel tiisdei wol fuort op by de presintaasje fan it nije kolleezje fan B en W yn de gemeente Ljouwert. Lutz Jacobi, fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Ljouwert en ûnderhanneler by de formaasje fan de nije koälysje, fynt it beheinde tal froulju op bestjoerlike posysjes spitich. "Ik bin hiel bot foar mear diversiteit. Net allinnich mear froulju op hege politike amten, mar yn it algemien mear diversiteit. De polityk as in ôfspegeling fan de maatskippij soe winsklik wêze", seit Jacobi.

Jacobi wol de kommende jierren dan ek mei de PvdA besykje de proseduere foar it beneamen fan wethâlders te feroarjen. Dat wie no foar de ôfrûne ferkiezingen noch net mooglik. Der wie dêrtroch net folle spylromte foar in nije wethâlder út it PvdA-hûs.

(advertinsje)
(advertinsje)