Enkête: wat fynsto fan de polityk yn dyn gemeente?

10 jan 2018 - 12:44

Al mear as 25.000 minsken yn Nederlân ha gehoar jûn oan de oprop fan de NOS en de regionale omroppen om har ûnderfiningen oer de gemeente en de gemeentepolityk te dielen. Yn Fryslân ha in lytse tûzen minsken al reagearre. Yn in koarte fragelist kinst oanjaan watst fan dyn gemeente fynst, watst fan de lokale politisy ferwachtest, watfoar kwestjes yn de gemeente as earste oanpakt wurde moatte, mar ek wêr't de gemeente goed yn is.

Mei it each op de gemeenteriedsferkiezingen fan 21 maart wolle de NOS en de regionale omroppen graach witte belangryk fûn wurdt. Is dat feilichheid op strjitte, in griene buert, âldereinsoarch, ôffalynsammeling of parkearbelied?

Stimbus

Oer twa moannen giet in grut part fan de Friezen nei de stimbus, om in nije gemeenteried te kiezen. Allinne yn Súdwest-Fryslân, Waadhoeke, Ljouwert en de takomstige gemeente Noardeast-Fryslân bart dit net. Mei de gemeenteriedsferkiezingen kin it ferskil makke wurde. 

Doel fan de enkête is in better byld te krijen fan wat der libbet. Dit wolle wy graach brûke yn ús berjochtjouwing nei de ferkiezingen ta. Diel dyn ûnderfining en doch mei oan dit publyksûndersyk. Dat kin dizze wike noch.

(advertinsje)
(advertinsje)