Boaten om op Fryske marren

08 jun 2012 - 15:54

Op de Sleattemermar yn de omkriten fan Sleat is freedtemiddei in boat omslein. Der wiene trije minsken oan board. Ferskate helptsjinsten binne ynskeakele. Op de mar binne trije wettersporters rêden. Der binne ek boatsjes omslein op de Fluezen en de Tsjûkemar. Ek dêr binne helptsjinsten hinnegien. Op de Tsjûkemar binne fjouwer minsken út it wetter rêden en ek op de Fluezen is eltsenien op de wâl helle.

De Schuttevaerrace waard freedtemiddei stillein fanwege it minne waar. Fanwege de hurde wyn wie trochfarre ûnderferantwurde.

(advertinsje)
(advertinsje)