Eigener oerfallen snackbar: "Verlichting moet beter"

De iepenbiere ferljochting yn de omjouwing fan snackbar Plaza Snackpaleis yn Aldskoat moat ferbettere wurde. Dat seit eigener Henk Bijlsma dy't tiisdeitejûn foar de fjirde kear yn in pear jier tiid oerfallen waard. Oerfallers kinne neffens him no profitearje fan it tsjuster om de snackbar hinne. Mei in bettere ferljochting sille se harren wol twa kear betinke, ferwachtet Bijlsma. Hy koe de oerfaller sels de snackbar útwurkje.
De oerfaller hie gjin bút makke. Hy is noch hieltyd net fûn. It giet neffens de plysje om in ljochttinte jonge fan sa'n 18 jier, mei donkere klean oan en in swarte mûtse op.
"Ik werd boos"
Henk Bijlsma fielt him in dei letter 'brak'. "Het is onwerkelijk. Aan de ene kant heb ik een goed gevoel omdat ik hem de deur uit heb gewerkt, maar aan de andere kant heb ik een slecht gevoel omdat je weer iemand binnen hebt, die je niet binnen wilt hebben." Hy giet nei de safolste oerfal gewoan troch. "We laten ons niet gek maken. Het heeft elke keer een behoorlijke impact, maar als je je laat wegjagen door zo iemand dan hebben ze je te pakken. Het is mijn broodwinning en dat laat ik me niet afpakken door zo'n menneke dat geld van je wil."
Tsjin slutingstiid kaam de oerfaller binnen. "Hij had een petje op, zijn gezicht bedekt en iets van een vuurwapen. Hij vroeg om geld. Ik liet hem de kassalade zien, daar zat alleen maar muntgeld in. Hij gooide een zak naar me toe en daar moest ik het geld in doen. Ik zei: doe het lekker zelf. Toen hij zei dat 'ie moest gaan schieten, werd ik boos en heb ik hem de deur uitgewerkt."