Wurkse noch! dûkt yn de wrâld fan bybanen fan studinten

10 jan 2018 - 13:50

Fan taksysjauffeur oant wurkje yn 'e kroech, sûnder de basisbeurs moatte studinten op syk nei oare mooglikheden om oan jild te kommen. Studinten en presintatoaren Marc Walda en Sjoerd de Jong sykje út hoe't studinten tsjintwurdich harren stúdzje betelje. Yn de telefyzjerige 'Wurkse noch' wurdt útsocht wat ûnder studinten populêre en bysûndere bybanen binne. Wy lizze presintatoaren Marc Walda en Sjoerd de Jong fiif fragen foar.

Jim mochten sels mei in idee foar in programma komme, wêrom is it 'Wurkse noch!' wurden?
Sjoerd: "Wy hawwe de earste wiken behoarlik oan it brainstoarmjen west. Der kamen fjouwer konsepten út dy't wy presintearre hawwe oan Omrop Fryslân. It idee fan 'Wurkse noch!' hie by elkenien it measte draachflak. Dêrneist stiet it idee tichteby ús no't wy sels ek noch studint binne." Marc: "Wy woene graach in programma meitsje dêr't wy sels as studint en jongere ek nei sjen soenen. De namme 'Wurkse noch!' kaam ta stân om't wy dat faak hearre as minsken klear binne mei it wurk. Hey, wurkse noch he!"

Hokker bybaan is dy it meast bybleaun?
Marc: "Wy binne noch drok dwaande mei de opnamen, mar as ik weromsjoch fûn ik de 'Zuivelhoeve' der wol útspringen. De studint, Lotte, dy't my meinaam wie ek hiel aktyf dus dat smiet moaie bylden op." Sjoerd: "By my is de bybaan yn de nagelstudio it measte bybleaun. Ik bin der nammentlik noch wiken mei konfrontearre om't sy myn nagels lakt hie en de lak der net ôf woe. It wie nammentlik gellak."

Hokker bybaan hast net ûndersocht mar hiest wol graach yn it programma hawwe wollen?
Sjoerd: "Ik hie wol wat witte wollen oer in bybaan yn de soarch. Hjir komt neffens my folle mear by sjen as dat minsken tinke." Marc: "Neffens my hawwe wy yn it programma in moaie ôfwikseling fan bybanen, mar yn de sektor hoareka mist noch wol wat. Bygelyks in studint dy't wurket yn de keuken by in pizzeria. Mar ik bin net ûntefreden oer de bybanen dy't wy strikt hawwe!"

Wat kinne wy fan it programma ferwachtsje?
Sjoerd: "In edukatyf programma oer de bybanen fan studinten mei in humoristyske draai. It giet fansels ek om it amusemint. Wy hâlde beide fan humor, mar binne oan 'e oare kant ek wer hiel ferskillend. Myn fokus leit mear op it ynterview, Marc wurket ek echt mei by it bedriuw en de studint."

Alles is mooglik: hokker bybaan hiest dan sels graach hawwe wollen?
Marc: "Ik soe dan tink ik kieze foar in mediabedriuw. Ik wurkje neist myn stúdzje ek as fotograaf, fideograaf en editor en dêr lizze myn ynteressen dus ek." Sjoerd: "Wat my wol moai liket is om betelle roadtrips te meitsjen. Ik fyn it nammentlik machtich moai om op 'en paad te gean en dêr ferslach fan út te bringen."

Wurkse noch! is fan woansdei 10 jannewaris ôf alle woansdeis te sjen om 18.45 oere by Omrop Fryslân. It programma is makke troch studinten fan de oplieding Kommunikaasje oan de NHL. Alle ôfleveringen binne werom te sjen op Omropfryslan.nl/wurksenoch

(advertinsje)
(advertinsje)