Wetterskip ynspektearret wetterkearingen mei iPads

10 jan 2018 - 11:17

Meiwurkers fan it Wetterskip Fryslân binne wer begûn mei de jierlikse ynspeksje fan de regionale wetterkearingen yn Fryslân en it Grinzer Westerkwartier. Mei help fan digitale kaarten op iPads dy't se by harren hawwe, kontrolearje de meiwurkers de kommende wiken 3.200 kilometer oan kaden en kearingen. Se sjogge oft der skea is oan de kaden en oft de eigeners de kaden goed ûnderhâlden hawwe. Se sjogge ek nei de kwaliteit fan de gersmatte en oft der gjin ôffal of oar guod op de kaden leit.

(advertinsje)
(advertinsje)