Ferkearskontrôle Ljouwert: ferskate boetes útdield

10 jan 2018 - 10:59

By ferkearskontrôles yn Ljouwert binne tiisdeitenacht trije bestjoerders oanhâlden. In 73-jierrige man út Nes, gemeente Hearrenfean, waard op de Surinamestrjitte oan de kant set. Hy ried mei in ûnjildich ferklearre rydbewiis. Der is proses-ferbaal opmakke fan dit misdriuw. De man ried ek noch mei twa glêde bannen.

In 18-jierrige Ljouwerter waard op de Spanjaardsleane trappearre op riden sûnder rydbewiis. Hy krige in proses-ferbaal, in taksy hat him nei hûs brocht.

By de kontrôle fan in auto op de Oostergowei naaide de passazjier út. De plysje hâlde him nei in koarte efterfolging oan. De 51-jierrige Ljouwerter hie harddrugs by him. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk, de drugs binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
ferkearskontrôle Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)