FIDEO: De ambysjes fan jonge atleet Joël de Jong

09 jan 2018 - 18:50

De 15-jierrige atleet Joël de Jong út Harns hat de Hotze Schuilpriis krigen. Troch kanker mist er in ûnderskonk, mar it ôfrûne jier hat er acht Nederlânske rekôrs op de 100 en 200 meter rûn. By in trening fertelt er oer syn ambysjes. Syn doel is de Paralympyske Spelen helje. Hy traint dêr hurd foar en is lid fan it talinteteam fan NOC*NSF. Hy hat in blade yn brûklien en is no oardel jier oan it trainen, trije kear yn 'e wike yn Hoorn.

Trefwurden: 
atleet Joel de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)