Anouk op Oerrock, festival yn twa oeren útferkocht

10 jan 2018 - 10:12

Anouk is dit jier de haadact op it Oerrock-festival. It festival yn Oerterp fynt dit jier plak op 10, 11 en 12 maaie. De organisaasje is jierren dwaande west mei de komst fan Anouk en is bliid dat it no slagge is. De sjongeres út Den Haag sil op de earste jûn optrede. Di-rect, Miss Montreal en Chef' Special komme dan ek.

It folsleine programma fan freed wurdt letter bekend makke. Dizze dei kinne besikers fergees nei it festival ta. Op sneon is Killer Queen de lêste act fan it festival. Dizze jûn stean allegear tribute-bands op it programma.

Rap útferkocht

De ynternetferkeap fan tickets is woansdeitemoarn om acht oere úteinsetten. De kaarten wiene binnen twa oeren útferkocht. Dizze wike binne by it radioprogramma 'Fryslân fan 'e moarn' op Omrop Fryslân de lêste kaarten te winnen. Op 24 maart is der ek noch in beheind tal kaarten te krijen by de Oerrock Play-Offs finale yn MFC De Wier yn Oerterp. Yn de Play-Offs spylje ferskillende bands en de bêste dêrfan mei ek op it Oerrock-festival spylje.

Trefwurden: 
Oerrock Oerterp Anouk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)