Grou fiert yn 2018 neilittenskip fan bruorren Halbertsma

10 jan 2018 - 17:35

Yn Grou begjint snein it Halbertsmajier: in jier fol aktiviteiten yn it ramt fan de bruorren Halbertsma en de kultuer. Mei as hichtepunt it muzikale lokaasjeteäterstik 'Gabe Skroar'.

Wa wie Joast Halbertsma?

'Mister Fryslân' wurdt Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) ek wol neamd. De Grouster dûmny hat in soad foar it Frysk betsjut. Mei syn bruorren Eeltsje en Tsjalling skreau er yn 1822 de 'Lapekoer fan Gabe Skroar'. Dat makke letter de kearn út fan it folksboek 'Rimen en Teltsjes' út 1871, in grutte samling koarte ferhalen en gedichten. It is it fûnemint fan de Fryske literatuer, mei it personaazje Gabe Skroar as ikoan.

Joast Halbertsma die dêrneist ûndersyk nei alles wat mei de Fryske identiteit te krijen hie en begûn as earste mei it meitsjen fan in wittenskiplik Frysk wurdboek. Hy sammele Fryske saken, wat de lettere basis wurde soe fan it Fries Museum.

Iepenloftspul

Yn it iepenloftspul is Gabe Skroar in man dy't de bruorren Halbertsma by elkoar hâlde moat. Der wienen fjouwer bruorren: Joast, Tsjalling, Binnert en Eeltsje. Akteur Freark Smink spilet Gabe Skroar. De akteurs en koarleden spylje op en om it wetter hinne.

En foar minsken dy't by Grou oan it eardere Halbertsma houtfabryk tinke: de iennige net skriuwende broer, Binnert Halbertsma, wie keapman. Syn soan Hidde Binnert wie de oprjochter fan de bekende Halbertsma Houtfabriek.

Yn it Halbertsmajier binne ek ferskate lêzingen, in boek en in útstalling.

Yn Fryslân Hjoed fertelle Eddy van der Noord, organisaasje fan it Halbertsmajier en Theo Smedes, regisseur en akteur oer it stik en en it Halbertsmajier.

(advertinsje)
(advertinsje)