Kollum: "Pedopolityk"

"It riedslid Alice de Jong-Gransbergen fan Algemeen Belang Ameland wol nei de ferkiezingen oerstappe nei it kristlik belang, it CDA. Dat makket Rudolf Teuben fan Amelân'82 lilk, want soks feroaret de ferhâldingen de lêste pear moanne fan 6-5 yn 5-6. Nee seit Alice, ik wurd oer trije moanne pas kristlik. Maklik praat, der is op It Amelân nea wat wichtichs om oer te stimmen. Mar Teuben wol no dat Piet IJnsen fan Algemeen Belang en Peter Pot fan Amelân'82 demisjonêr fierder regearje. Dat kin net, sei boargemaster Albert de Hoop. Nei in pear oeren âldehoeren kaam derút dat se it neisjen sille. No, eart se soks útfûn ha, ha de ferkiezingen toch lang al west. Stumperige fertoaning.
Gemeentebelangen/totaallokaal is yn Súdwest-Fryslân mei soarch opboud út twa opposysjepartijen. It donderet no al wer yninoar. Se hâlden mar trije fan de fiif sitten oer. Doe seine se dat as lju fia harren politike webside spul by in ynternetwinkel bestelle, dat se dan jild krije fan dat bedriuw. Soks is net yn it belang fan de lokale winkels. Boppedat brocht it neat op, riedsleden moatte no sels jild ôfstean as wiene se SP'ers. En no wol der net ien mear yn de ried.
Ik ha gjin idee hoefier oft de FVD, ik bedoel partij Baudet, is mei de riedsferkiezingen. Mar it soe nei de ierdskodding yn Grins fannewike wol aardich wêze foar de aksjegroep yn Ternaard om mei te dwaan as politike partij. De sparringpartner fan Baudet, Theo Hiddema, komt ek noch fan Holwert. 1 + 1 = 2. De PVV, ik bedoel partij Wilders, docht inkeld mei yn Achtkarspelen. Ik tink dat Jenny Douwes troch de kommende rjochtsaken oer it tsjinhâlden fan tsjin-Piten op de A7 dêr wol hinne waaid.
Dat binne aksjes tsjin it sin fan Roel Sluiter, boargemaster fan Harns. Dy sei yn syn nijjiersrede dat de PVV en it Foarum foar Demokrasy ûnfatsoenlike partijen binne. Grutte wurden yn in plak dêr't de Hell's Angels in kluphûs ha. De PVV fynt ek al dat boargemasters fan lytse partijen soks net sizze meie. Soenen se dêr noch witte dat Sluiter eartiids by de CPN siet?
Corlienke de Jong, provinsjaal fraksjefoarsitter fan de FNP, hie ek in nijjiersrede. De FNP wie earst in taalaksje, doe in skaalferlytsingsbeweging en se wolle no in brede mienskipspartij wurde. Se wol like populêr as Lutz Jacobi dy de doarren lâns, de minsken in hân jaan en de bern oer it holtsje strike. Mar wol dát wat opsmite , dan moatte je in soarte fan Baudet ha. In folksmenner. Dy hat de FNP net.
Jan Bearn Singelsma hie dat yndertiid kinnen, mar hy relativearre syn eigen optredens altyd grouwélich. Marten van der Veen ek, mar dy wie oer de grins fan Achtkarspelen útluld. Germ Gerbrandy yn syn bêste jierren ek, mar dy wurdt al griis. Corlienke sels is fierstente leaf en fleurich, dat wurdt him ek net. Johannes Kramer ek net. Dy sit by SC Hearrenfean tusken syn maten net werkenber op de easttribune. Lutz sit yn de bussinesclass oan de westkant. Se paait dêr VVD'ers, en aait CDA'ers oer it kopke.
Der binne nammentlik twa Lutzen. De iene Lutz rint hân yn hân sjongend mei Anneke Douma by de doaren lâns. De oare Lutz wie oan it formearjen. Swier. It jild dat op sosjale saken yn Ljouwert tefolle útjûn is, moat werom komme. Oars wurdt Sander de Rouwe baas yn Ljouwert en dan is Lutz leaver dea as slaaf. Mar as se dat foarkomme wol, dan moat se wer gewoane polityk bedriuwe. En no ferdwynt Andries Ekhart dus troch de syddoar. Hy hat yn syn kundichheid en entûsjasme, stipe troch de ried, tefolle jild útjûn. Dan moatte je bliede. Ach, hy is al 63, kin miskien moai projektlieder fan it nije Cambuurstadion wurde. Mar as sokke kundige bestjoerders, hy waard nota bene út Snits weiskuord troch Ljouwert, oan de kant skood wurde, dan moatte je wol fraachtekens sette by dat polityk der foar de mienskip is.
De ried fan Opsterlân sil chatte mei bern tusken de 10 en 16 jier om se wat tichter by de polityk te lûken. No, polityk is in smoarch en ûnbegryplik spultsje, jim ha my heard. En dan is dat chatten dochs gewoan pedopolityk?"