UPDATE: Meardere ferwûnen by frontale botsing yn Appelskea

Frontale botsing op de Vaart yn Appelskea © De Vries Media
By in frontale botsing yn Appelskea binne woansdeitemoarn twa minsken ferwûne rekke. By it ûngelok op de Vaart Zuidzijde wiene trije weinen belutsen. It is noch net bekend hoe't de slachtoffers der oan ta binne. Ek is op dit stuit noch ûndúdlik wat de oarsaak fan it ûngelok is. It plysje docht dêr op it stuit ûndersyk nei.