Eigener deabiten skiep: "Optrede tsjin bitende hûnen"

As in hûn skiep deabyt moat tenei de chips fan de hûn útlêzen wurde en ek moat de hûn mei in apparaat skand wurde om te sjen oft er noch earmerken yn de búk hat. Dat is de grutte winsk fan skieppehâlder Johannes de Jong fan Ljouwert. In keppel fan syn skiep waard freed en sneon oanfallen troch in hûn. Sân fan syn skiep binne deabiten. Wat De Jong fernuveret, is dat de plysje eins neat dwaan kin. Der wurdt registrearre wat der bard is, mar sa'n hûn tydlik yn beslach nimme, docht de plysje net.
Ekskuzen
De rêst by de famylje De Jong is no wer wat werom. Se hawwe yntusken kontakt hân mei de eigeners fan de hardershûn en dy hawwe ekskuzen oanbean. De skea wurdt fergoede en de eigener hat it bist in bekbân oanmjitte litten en hat tasein him oan de riem te hâlden.