Trompetter listlûker Sociaal Duurzaam Weststellingwerf

09 jan 2018 - 23:07
Cor Trompetter - Foto: Gemeente Weststellingwerf

Cor Trompetter is de listlûker fan de nije partij Sociaal Duurzaam Weststellingwerf. De partij is ûntstien út in fúzje fan de PvdA Weststellingwerf, Weststellingwerf Natuurlijk! en Vrijheid voor Allen. Mei de gearwurking wolle de partijen fersplintering yn de gemeentepolityk tsjingean. De nije partij wol him benammen rjochtsje op it goed brûken fan de ierde.

Trompetter is no ek al aktyf yn de polityk. Hy sit no foar de PvdA as wethâlder yn it kolleezje fan Weststellingwerf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)