Martine Adema fan Ljouwert wint fotowedstriid mantelsoarch

09 jan 2018 - 23:03
De winnende foto fan Martine Adema út Ljouwert - Foto: Martine Adema

Martine Adema út Ljouwert is mei de boppesteande foto de Fryske winner wurden fan in fotowedstriid dy't útskreaun is, om mantelsoargers in gesicht te jaan. Dielnimmers moasten in foto ynstjoere fan immen dy't demint is, tegearre mei in mantelsoarger. In sjuery hat út trijehûndert ynstjoeringen tolve winners keazen.

"Tom heeft sinds 2008 de diagnose en is nu onbereikbaar dichtbij! Hij praat niet meer, begrijpt nog erg weinig en slaapt veel. Het gemis is groot", stiet as byskrift by de foto te lêzen.

De wedstriid is útskreaun troch Alzheimer Nederland, Mezzo en Solo Stories. Dat is de produsint fan in teäterfoarstelling nei oanlieding fan it boek 'Ma' dat sjoernalist Hugo Borst skreau oer it mantelsoargjen foar syn deminte mem. De foto fan Martine Adema wurdt mei de alve oare winners ûnderdiel fan in tentoanstelling, dy't de kommende moannen meireizget mei de teäterproduksje.

Yn febrewaris is de foarstelling yn Snits te sjen, yn maart yn Frjentsjer en op It Hearrenfean en yn maaie yn Drachten.

(advertinsje)
(advertinsje)