Aksje foar skûtsje JongeRein

08 jun 2012 - 15:20

It is in topjier foar skûtsje de JongeRein fan Wytgaard. Foar it earst sil start wurde yn de A-klasse fan 'e IFKS. Mar om goed meidraaie te kinnen, moat it skûtsjes oanpast wurde. En dêr is sa'n 20.000 euro foar nedich.

Dêrom is yn Jirnsum it kommende wykein it JongeRein Festijn. Live muzyk en tal fan aktiviteiten moatte jild opsmite om de sportive prestaasjes fan it Wytgaarder skûtsje te ferbetterjen. De namme JongeRein is gjin tafal, want skipper Erik Jonker is de soan fan âld-reedrider Rein Jonker.

De JongeRein is net de iennichte neikommer mei ambysje yn de IFKS. De lêste jierren binne der in soad nije skûtsjes by kaam dy't stipe wurde troch in doarp of stêd. De Ienfâld fan Harns, it Swarte Wiif fan De Tynje, It Abbegeaster skûtsje en it doarp Eastermar. Dy lêste is suksesfol, mar Harns hie it bygelyks finansjeel dreech. By de JongeRein binne se optimistysk.

(advertinsje)
(advertinsje)