Mieningen ferdield oer Van der Valk-hotel by Hearrenfean

09 jan 2018 - 22:55

Lang net alle ynwenners fan It Hearrenfean binne like wiis mei de komst fan in nij Van der Valk-hotel. Dat blykt út ûndersyk fan de gemeente. Guon omwenners en ûndernimmers binne benaud dat de rêst ferdwine sil en dat it nije hotel se klanten kostje sil. Oaren sjogge just kânsen.

It Van der Valk-konsern hat ynteresse yn de bou fan in hotel oan de A32 by Skoatterwâld en Oranjewâld. De gemeente woe, yn oerlis mei Van der Valk, earst graach hearre hoe't de omjouwing dêr oer tinkt.

Boargemaster en wethâlders ha in plan útwurke mei betingsten foar Van der Valk. Nije wike presintearje se dat oan de gemeenteried.

(advertinsje)
(advertinsje)