Fier wol manlike loverboy-slachtoffers apart behannelje

10 jan 2018 - 05:30
  • Fier wol manlike loverboy-slachtoffers apart behannelje
  • Direkteur Anke van Dijke fan Fier Fryslân

Fier Fryslân yn Ljouwert wol in apart behannelsintrum oprjochtsje foar jonges, dy't it slachtoffer wurden binne fan twongen prostitúsje of in oare wize fan seksuele eksploitaasje. Dat seit direkteur Anke van Dijke. Der wurdt no socht nei in plak foar de jonges yn Fryslân of Grinslân.

Foaral famkes dy't slachtoffer binne fan geweld binne no yn byld by de organisaasje, mar der wurdt ek al help jûn oan jonges. Middels it lanlike loverboy-meldpunt Watch Nederland set ûnder oare Fier dit jier yn op mear omtinken en ûndersyk nei dizze doelgroep. Dêrby besykje sy ek mei lokprofielen en lokadvertinsjes mear ynsjoch te krijen yn dizze wrâld. De kâns dat slachtoffers harren dêrnei melden, wurdt dêrmei wol grutter.

Neffens Van Dijke fertsjinje de jonges lykas de famkes in apart behannelsintrum foar help mei de trauma's dy't sy oprûn hawwe.

(advertinsje)