Brân Grinzerstrjitwei wie 'yntimidaasje', 5 tips binnenkaam

09 jan 2018 - 22:14

De plysje giet derfan út dat de brânstichting by in supermerk yn Ljouwert, begjin ferline jier, bedoeld wie om de eigener fan de supermerk te yntimidearjen. Dat die bliken út in útstjoering fan Opsporing Verzocht dêr't de saak yn behannele waard. De útstjoering hat fiif tips oplevere, sa meldt de plysje. Wa't de man yntimidearje woe of wêrom, is net dúdlik. De plysje ropt tsjûgen op om har te melden. 

De opslachromte fan de supermerk oan de Grinzerstrjitwei baarnde folslein út. Der binne gjin slachtoffers fallen, mar fiif minsken koenen dy nacht net werom nei hûs. Op kamerabylden is te sjen dat it fjoer oanstutsen waard troch twa manlju. Neffens de plysje hat ien fan de fertochten mooglik in link mei Rotterdam. Mar wêrom't dat tocht wurdt, wol de plysje net sizze.

Dat it sa lang duorre hat foardat de plysje de help fan it publyk freget by dizze saak, komt omdat se it hiel drok hienen mei alle saken dêr't minsken by om it libben kamen ferline jier.

(advertinsje)
(advertinsje)