Snackbar opnij oerfallen yn Aldskoat, plysje siket dieder

Yn Aldskoat is tiisdeitejûn om njoggen oere hinne in snackbar oan de Archimedeswei oerfallen. De dieder bedrige de meiwurker mei in wapen en easke jild, mar krige dat net. Dêrop naaide er rinnende út. Neffens de plysje giet it om in jongeman fan 18 of 19 jier âld mei donkere klean oan en in swarte mûtse op. Hy is noch net oanhâlden.
It is de tredde kear yn de ôfrûne trije jier dat dizze snackbar oerfallen wurdt. Yn de maitiid fan foarich jier wie dat foar it lêst. Doe waarden de meiwurkers fan de ytgelegenheid mei in mes bedrige. Der ûntstie in wrakseling tusken de eigener en de oerfaller, wêrby't de oerfaller klappen krige mei in frituerkuorke. Hy naaide dêrnei út.