Surhústerfean makket him op foar 'bysûnder' NK

It Nederlânsk kampioenskip fjildriden wurdt foar it earst yn Fryslân organisearre. Surhústerfean is sneon en snein it dekôr fan it evenemint. Gewoanwei wurdt begjin jannewaris dêr de sintrumcross organisearre en no hat dat dus de offisjele titel fan Nederlânsk kampioenskip krigen. "Der komt wol ekstra wurk efter wei", fertelt foarsitter Albert Helfrich fan de Stichting Wielercomité Surhuisterveen. Ek it wiete waar fan de ôfrûne wiken spilet noch in rol. Dêrom is op guon plakken in dûbele strook oanlein. "En dat is dus dûbeld safolle wurk", seit parkoersbouwer Geert Visser. Al wiken binne frijwilligers oan de gong mei de tariedingen foar it NK fjildriden.
Grutsk
Der is al folle langer muoite dien om it toernoai nei Surhústerfean te heljen, fertelt Helfrich: "It hat in pear jier duorre, mar we hawwe it klear krigen. Dat is in hiel soad lobbywurk. Dat it foar it earst yn 90 jier yn Fryslân is, dêr binne we hartstikke grutsk op. Dat is absolút bysûnder." De ferwachting fan de organisaasje is dat der sawol sneon as snein tusken de 12.000 en 15.000 minsken nei it doarp ta komme. Sneon ride de masters, froulju en jongerein. Snein binne de amateurs en de manlju oan bar.
Toppers
It is noch net wis oft Gosse van der Meer fan Surhuzum ek oan de start stiet. Hy komt werom fan in blessuere. Rick Nobel fan Foudgum is in oare Fries, dy't ek op de startlist stiet. Hast alle Nederlânske toppers binne derby yn Surhústerfean. Allinne Marianne Vos is in grutte namme dy't ôfsein hat. Oaren as Mathieu van der Poel, Lucinda Brand en Lars van der Haar dogge it wykein mei. "Nederlân telt hiel bot mei by sawol de manlju as de froulju. Dêrom binne we ek sa wiis dat se allegear nei Surhústerfean komme. It is dochs wol wat foar in plakje fan 5600 ynwenners. Dat se hjirhinne komme wolle, fine wy prachtich!"