Twa pinpasdieven socht nei stellerij op It Hearrenfean

09 jan 2018 - 20:33

De plysje hat foto's frijjûn fan in man en in frou, dy't der fan fertocht wurde dat se grutte sommen jild opnaam ha mei in stellen pinpas. Der binne twa passen stellen. Ien dêrfan is fan in 83-jierrige frou fan It Hearrenfean. Trije dagen neidat se har pas foar it lêst brûkt hie, kaam har famylje derefter dat der jild fan har rekken miste. In bewakingskamera hat bylden makke fan de man dy't de pinpas brûkt hat.

De oare pas wie fan in 69-jierrige frou fan It Hearrenfean. Har pas is út de bûse stellen troch twa froulju, doe't se oan it winkeljen wie. It is net dúdlik oft de beide saken wat mei-inoar te krijen ha.

(advertinsje)
(advertinsje)