PVV-Twadde Keamerlid poer op boargemaster Sluiter fan Harns

09 jan 2018 - 20:16

PVV-Twadde Keamerlid Martin Bosma is poerrazend op boargemaster Roel Sluiter fan Harns. Dy sei yn in ynterview mei Omrop Fryslân dat de PVV en it Forum voor Democratie ûnfatsoenlike partijen binne. Op Twitter wiist Bosma derop dat de PVV de twadde partij fan Nederlân is. Hy neamt de PvdA fan Sluiter in oerstallige splinterpartij en Sluiter sels in net-keazen regint.

Sluiter sei op de nijjiersresepsje fan de gemeente Harns dat er muoite hân hie mei de oanwêzigens fan de beide 'rjochts-radikale' partijen yn de ried. Gearwurking hie foar him dreech west, sei er. It hie Sluiter 'persoanlik geweld oandien' as de PVV en Forum voor Democratie ûnderdiel wurden wienen fan de ried. Hy fynt it 'prima' dat dy partijen der yn Harns net binne.

'Unhandich'

Ek út de eigen ried komt der krityk op de boargemaster. Riedslid Paul Schoute neamt de útspraak fan Sluiter 'ûnhandich'. Sluiter lit sa net sjen dat er boppe de partijen stiet, seit Schoute. "De VVD Harlingen zou in een democratisch proces de strijd aangaan met de PVV en FvD. (...) Zolang deze partijen, of andere, niet bij wet verboden zijn ga je democratisch en op inhoud in debat. En dan beslist kiezer."

(advertinsje)
(advertinsje)